Vorige pagina

Theatersport yn Akkrum.

It Akkrumer-Dream-Theater hat yn maart 2015 in workshop Theatersport en oanslutend 2 koarte cursussen Theatersport organisearre.

Theatersport is ymprovisaasjetheater op in boartlike, losse wize. It is foaral bekind fan de tillevyzje-program ‘De Lama’s en soarget foar in protte wille en ûntspanning. Thatersport giet maklik en ûngedwongen: ymprovisearje op ferrassende wize mei boartlike opdrachtjes.

Professionele trainers fan Theatersportferiening ‘De Noordsterren’ út Ljouwert hawwe trainingen joen.It programma waard rêstich en mei lytse stapkes opboud! De trainingen wiene leechdrompelich en tagonklik foar eltsenien dy’t fan spyljen hâldt!. It wiene hieltiid jûntsjes wêr’t de remmen los giene, leuk om nei elkoar te sjen en noch leuker om self te dwaan.

Wille stie foarop en it wie ferrassend om te sjen hoe’t de dielnimmers harren sels ferbaasden. Koartsein: in grut sukses!

Belangstellenden foar in (ferfolch-)kursus kinne hjirfoar kontakt opnimme mei it Akkrumer-Dream-Theater. It Akkrumer-Dream-Theater kin by de organisaazje hjirfan ûndersteuning biede!

.

Welkom bij Akkrumer Dream Theater
Kies een taal om verder te gaan
Frysk Nederlands