Vorige pagina

MUTSEN OP REPRISE al hast wer útferkocht!

Yn in earder nijsberjocht koene wy jim fertelle dat de ‘MUTSEN’ noch ien kear, fanwege grut succes yn maart, werom komme yn Akkrum. De kaarten foar dizze foarstelling (sneon 14 oktober 2017) binne al fierhinne útferkocht. Minsken, dy’t yn Akkrum efter it net fiskje om kaarten te krijen, kinne in wike letter noch te plak yn de Buorkerij yn Terherne, wêr’t dit succes-stik ek opfierd wurde sil!

Fia de webside fan it Akkrumer Dream Theater (www.akkrumerdreamtheater.nl) kinne der oan’t mei 11 septimber noch kaarten á €9,- it stik reservearre wurde. Dêrnei binne de kaarten allinnich noch te krijen by Bakker Boonstra yn Akkrum (foar Akkrum én Terherne); foar kaarten foar Terherne kin men ek by de Buorkerij telâne!

Yn it toanielstik ‘MUTSEN’ nimme 6 susters jim mei foar in sussen-wykein earne yn’t lân yn in fakansjehúske. Al gau komt âld sear boppe driuwen en komme de ûnderlinge ferhâldingen flink ûnder spanning te stean……… dan is der mar 1 remeedzje: drank…..

Ek sa benijd nei dizze 6 ‘MUTSEN’? Gryp dan jo kâns en kom nei de ‘MUTSEN OP REPRISE’!

De 6 susters wurde spile troch:

Nel      — Hennie Rorije
Koby   — Joke Poortman
Paula — Yteke v/d Wal
Leida  — Nynke Bosma
Corry  — Anneke Wiersma
Ans     — Nynke Bergsma

De rezjy is yn hannen fan Margreet Boer

Tagongspriis: €9,00 (ynklusyf in bakje kofje as tee yn’t skoft)

Welkom bij Akkrumer Dream Theater
Kies een taal om verder te gaan
Frysk Nederlands