Vorige pagina

Betinking van Bûthûsbankje en Berne-Theater-Wurkpleats, mei resepten foar frede en fredige ferhalen.

Akkrum – Yn de Terptsjerke is freed te jûn 4 maaie, nei de offysjele betinking, noch in spesjaal optreden west, fan meiwurkers fan it Bûthûsbankje mei noch seis jonge dielnimmers fan it Akkrumer dream theater. De kombinaasje fan âld en jong wie te sjen yn in spesjale betinking. Besikers hiene by de yngong in enfelopke krigen wer’t se harren sebeare fredes yngrediënt yn dwaan koene. Alle yngrediënten waar yn in grutte tsjettel dien en der kaam in lekkere ‘fredessop’ út fuort. De dielnimmers fan it Bûthûsbankje fertelden hun eigen resept foar frede en de jeugd die spultsjes, as ferstopperke en makken ruzje wernei ‘t se it wer frede sletten. Alle ferhalen binne werjûn yn in núveraardich boekwurkje. It binne resepten en ferhalen dy allegearre te krijen ha mei begripen as frede, tefredenens, leafde, ensfh. It gehiel wie ininitiatief fan it Akkrumer Dream Theater dy op dizze wize oan har opset fan forbining yn de doarpsmienskip wer in bijdrage jaen koe. Sjoch foar foto's yn ús fotoalbum.

P.S. Der binne noch in pear boekjes te keap foar 5 euro by boekhannel Friso yn Akkrum.

Iepeningswykein LF 2018

Bûthúsbankje docht mei oan it iepeningswykein LF 2018.

Op Freedtejûn 26 jannewaris fertelle leden fan it : Bûthúsbankje:  harren ferhalen.

Ferhalen dy’t yn it ûnthâld bliuwe, en de harkers meinimmme, om’t it ferhalen binne út  it eigen fermidden.

En wat is der nofliker dan op in winterjûn nei in ferhaal te harkjen.

Jimme binne wolkom fanôf 19.00 oere yn Leppehiem, en, of, yn de Terptsjerke.

Mar miskien ha jo ek wol in ferhaal wat je fertelle wolle, of kinne jo immen mei in pracht ferhaal, jou it dan troch.

Elkenien kin meidwaan. It giet om koarte ferhalen, heechút 2 siden A4  it ferhaal.

Freedtejûn 26 jannewaris litte we Akkrum gûnzje fan de ferhalen!

 

2018 ferhalen is in ûnderdiel fan it iepeningswykein fan LF 2018 en wurdt yn hiel Fryslân organisearre troch Tryater.

 

Wolle jo meidwaan yn Akkrum/Nes dan graach efkes trochjaan oan 

 

Bûthúsbankje

[email protected]

 

Akkrumer Dreamtheater

 

Welkom bij Akkrumer Dream Theater
Kies een taal om verder te gaan
Frysk Nederlands