Vorige pagina

Ferhalenmoarn : “It Bûthúsbankje”.

In inisjatyf fan Akkrumer Dream Theater

Eartiids siet men sa smûk op sa'n bankje. Noflik it nijs oereidzje, wylst de boer de kij oan't melken wie. Op moandei te moarns sette wy dizze tradysje troch yn de Lantearne, wer wy inoar treffe by in bakje kofje. Wy helje oantinkens op en reagearje ek op de hjoeddeiske rin fan saken yn de wrâld. Ek tinke wy der oer nei op hokker wize wy bydrage kinne oan it ferbân yn de mienskip fan Akkrum en Nes. Wy hawwe meiïnoar wille, mar binne somtiden ek wat mankelyk. Somtiden bestride wy inoars mieningen of we folje dy oan.

It bin gaadlik moarnsskoften. Liket soks Jo wat? Dan binne Jo tige wolkom.

Hoe let? Moandei, 2 oktober, 10 oere begjinne we en de doar is om 9.45 iepen.   

Wêr? De Lantearne is tsjinoer de Terptsjerke midden yn Akkrum  

Wat it kostet? Foar € 3.- hawwe Jo sa'n moarnsskoft in stoel en kofje.

Jo binne fan herten wolkom en opjaan is net nedich, kom mar del.

Nammens it Bûthúsbankje,

Hennie Sixma.

 

April-Maaie 1945: neidagen fan de oarloch

-     Angstme: ferhaal fan de lêste oarlochsdagen

-     Rouwe: minsken dy’t ferdwûn binne of sneuvele

-     Underdúkers kamen foar’t ljocht

-    Befrijingsfeesten

 

 

-    Yn’e rige stean foar boadskippen; der wie noch lang net genôch fan alles.

-    Der wie wyte en grize bôle: neat fan wast no yn de winkels sjochst. Dat jildt foar alle boadskippen.

 

-    Je hiene neist jild ek bonnen nedich om guod te keapjen.

 

De VN rjochten foar bern in aparte organisaasje op: Unicef.

Unicef is oan’t 1950 ta yn Europa helpen bleaun.

No binne der ek wer bern út oarlochsgebieden yn Nederlân, bern dy’t net nei skoalle kinne, gjin eigen plakje of boartersguod hawwe.

 

Op skoalle sieten we yn de banken.

We moasten stil wêze en we mochten allicnnich prate as de juf of master ús oanwiisde of iets frege.

Yn’e bank siet in ink-potsje. We moasten skriuwe mei in kroantsjespinne. Dat moast hiel netsjes! We gongen ek op sneon nei skoalle.

We diene spultsje lyk as jimme; we boarten lykas jimme, mar it wie wol wat oars:

-    topje

-    keatse

-    stabal

-    polsstok springe

-    tikkertsje mei ferlos

-    keatsebalje

-    Lân feroverje troch mei in mes te smiten yn’t sân

-    Bonkjes fan Keallepoat

-    skommelje

-    buorkerij boartsje mei takjes

-    sândúnferhaal by Ald Skou

 

Klean:

-    1 pear klean foar nei skoalle ta

-    1 stel sneinske klean foar op’e groei

-    1 stel klean foar bûten

-    gjin skuonnen, mar klompen

-    klean keare

-    breide ûnderguod: lyfke

Badhús / Swimbad

-    1 kear yn de wike

-    koste jild

-    faak op freedtejûn

-    heit nei de kapper

-    permanent yn’t hier foar mem

-    kaptafel/kapmantel

Yn de strjitte:

allegear minsken dy’t harren guod ferkochten:

-    de fiskboer

-    de foddenman

-    de skilenboer

-    de âld-izer-keapman

-    de oargelman

-    de bakker en de slager brochten de boadskippen ek thús

 

 

 

De winkels wiene lytser en der wie folle minder kar. We kochten ek minder; we hoegden ek minder te kiezen

 

Neigesetsjes makken we self op snein: selsmakke pudding mei beisop. Yn’e wike krigen we brij.

Op waskdei ieten we potstro: gau klear!

Sneins: stikje fleis en sop.

Yn’e winter stoofparkes en sprútsjes.

Yn’e simmer: slaad en beantsjes.

Je mochten net kieze: ite wat de pot skaft.

De brij iten je út deselfde panne!

We skriuwden elkoar brieven en dy liezen we somtiden wol 5 kear

 

 

As der gau iets ferteld wurde moast, dan stjoerden we in telegram.

Tillefoan wie allinnich foar de rike minsken lykas de dûmny, de dokter en de plysje. Letter krigen guon sakenlju ek tillefoan en noch folle letter krigen ek de ‘gewoane’ minsken in tillefoan yn de gang oan de muorre.

Yn de wiken fan 11 en 15 april binne de dielnimmers fan it bûthúsbankje fan it Akkrumer Dream Theater nei de lokale basisskoallen west om harren ferhalen te fertellen. Ferhalen ferteld troch minsken, dy’t werom sjogge nei it Akkrum lykas dat wie doe’t sy noch op de legere skoalle sieten. Hoe wie’t om nei de twadde Wrâldkriich op skoalle te sitten?

Wylst se al jierren pensionearre wiene, stiene se ynienen, faak foar’t earst, foar in fol lokaal mei ferwachtingsfolle bern. Dat brocht fansels de nedige spanning mei foar de fertellers, mar ek nije en prachtige erfarings. Guon fan harren binne flak foar de oarloch berne en hawwe de oarloch bewust meimakke. Oaren binne yn de oarloch of flak dêrnei berne. Se fertelden dat se yn de oarloch nei skoalle giene met in kaartsje om de nekke mei harren namme derop. As de fleantúgen kamen, koene se bommen goaie en as dy op skoalle foelen …… dan koene je miskien niet mear fertelle hoe as je hjitten. Angst, fertriet: foaral yn de lêste oarlochsdagen.En dêrnei de grutte bliidskip fan de befrijing. In pear dagen feest, mar dêrnei gie it gewoane libben wer troch!!

Der wiene ferhalen oer it boartsjen ‘yn de dúnen’. Sa neamden se de bulten sân foar de nije brêge by Ald Skou. De brêge wie krekt as in protte oare saken kapot bombardearre. In protte dyken wiene stikken en der wiene ek mar kwalik goed ridende frachtauto’s mear. Dy wiene fansels wol nedich foar de oanfier fan allegear needsaaklik guod.

Tsjinwurdich hawwe de bern kasten fol klean en boartersguod, in tillevyzje, kompjoeter en tillefoan. Mar we wolle net ruilje mei ús eigen bernetiid. Eltse tiid hat syn eigen easken en fragen foar de jonge minsken, dy’t opgroeie. Wy hawwe ûndanks alles in hearlike bernetiid hân. We winskje de jonge bern fan no krekt sokke goeie oantinkens oan harren bernetiid, as se krekt like âld as wy no binne, ta!

Einsluten noegje wy alle bern fan no út in brief te skriuwen en dêryn oan te fertellen hoe’t it is om no bern te wêzen. En we freegje de bern om harren miening te jaan oer wat se allegear fanús heard hawwe oer eartiids.

Op de foto’s fan it Bûthúsbankje kinne jo dizze prachtige, oandwaanlike reaksjes besjen.

 

Welkom bij Akkrumer Dream Theater
Kies een taal om verder te gaan
Frysk