Vorige pagina
 

It Bernetoaniel is yn it skoaljier 2011/2012 fan start gien. Op beide basisskoallen binne yn it earste jier 'kennismakingslessen' jûn. It bernetoaniel besloeg in 10-tal ymprovisaasjelessen, dy't ôfslúten waard mei in foarstelling foar de âlders. Dizze formule wurdt noch hieltiid hantearre en der wurdt ek gearwurking socht mei oare groeperingen yn it doarp. Yn desimber 2013 bygelyks hawwe de bern in krystfoarstelling foar de fuotljochten brocht yn gearwurking mei in optreden fan it popkoar. Yntusken is ek in gearwurking ûntstien mei de Stichting Kinderopvang Friesland, dy't bygl. de oefenromte beskikber steld.

Berne-Theater- Wurkpleats

It Akkrumer Dream Theater organisearet yn gearwurking mei Sichting Kinderopvang Friesland elts skoaljier yn de hjerst en de maaitiid it project ‘Berne-Theater- Wurkpleats’. De doelgroep bestiet út bern fan de groepen 5 o/m 8 fan de basisskoallen (al dan net besikers fan de BSO).

Yn goed 10 kear binne de bern mei allerhanne theater-wurkfoarmen dwaande wêrby’t wille, kommunikaasje en hâlding fersterken it foarnaamst binne. Untwikkeling fan it kreatieve en expressyve fermogen en fersterking fan it selsfertrouwen komme ek rom oan bar.

De wurkpleats fan’t foarjier 2016 is yntusken suksesfol ôfslúten. 14 dielnimmers hawwe yn in spetterjende, selsûntwikkele foarstelling op in prachtige wize harren ‘wurkpleatsresultaten’ oan in grut publyk sjen litte kinnen. De kundige begelieding wie yn hannen fan Mees van den Bergh, dy’t hiel goed elts syn/har talint leart te ûntwikkeljen.

Reden genôch om yn’e hjerst fan 2016 moai fierder te gien mei de Berne-Theater- Wurkpleats!!-

Welkom bij Akkrumer Dream Theater
Kies een taal om verder te gaan
Frysk Nederlands