Vorige pagina

Skiednis

We kinne it better omdraaie en begjinne mei wat der foar it oprjochtsjen fan it Akkrumer Toaniel yn ús doarp him op’e planken ôfspile.

Yn it begjin fan de 20ste ieu moat it yn Akkrum al drok op’e planken west ha.
In ferskaat oan revu’s en operettes binne der neist toanielstikken te sjen west op de boppesealen fan de Akkrumer herbergen.

Foaral Hotel Zevenwouden, midden yn de Buorren, wêr no de FIXET is, wie gauris it plak, dêr’t it barde, ek al omdat hjir jierren oanien it muzykkorps oefene hat en oan de opfieringen fan dat korps altyd in toanielfoarstelling keppele wie.
De revu’s en sjongspullen wiene faken ynspirearre troch de slachter-koopman-doarpsdichter Willem Jehannes Koopmans, mar ek nammen as P.K.de Groot, Klaas Ratsma en bakker Wijga dûke yn de ferhalen op.

By de toanielspilers hearden we fan grienteboer Homme Skoegje, Doede Langeraap en syn dochter Marthe en fierder de fervers Anne Kleefstra en Evert van der Meer en skearbaas Hindrik Geertsma. Regy hie gauris in oare ferver Jehannes Bakker.

Yn de jierren ’50 troffen wy by ús kommen yn Akkrum wol fjouwer selskippen oan dy’t yn de winter in stik op’e planken setten.

Om te begjinnen it korps “de Harmonie”, dat fêst ien, mar soms ek wol twa opfieringen joech mei in toanielstik nei. Earst goed trije kertier it korps op it toaniel en dan gau it toaniel ynrjochtsje foar in stik fan trije bedriuwen.
In stik as wat blazers moasten harren rap omklaaie en dan op’e planken.

Evert van der Meer, Harm de Jong, Hindrik de Graaf en Jan Beeksma wiene meast fan de partij.
De froulju waarden hjir by socht, Betty de dochter fan Evert, Niesje de frou fan Harm, diene gauris mei.
Dan wie der in ploech út it personiel fan de FCE, wêr Merten Bakker de hân yn hie. Ien fan de fammen út dizze ploech die al gau ek mei by it korps, Pytsje van Selm.

Krekt as de FCE stie der ek by it bûterfabryk in groep klear om de personielsjûnen op te fleurjen. Pyt Bouma, Piebe Kooistra en Former Halma hearden hjir by. De lêste gie letter nei it gasfabryk en spile doe wol foar it korps.
Dan wie ek op de Leppedyk noch in toanielgroep fan de buert aktyf, mar hjir wit ik net folle nammen fan. Hja hiene harren opfieringen op de seal fan Jager, no Krûme Knilles.

De measte nammen dy’t hjir boppe driuwen kamen wiene fan manlju, mar dat komt omdat dat de (personiels)leden wiene en sa wat in fêste kearn fan de ploegen foarmen.

Tsjin 1960 naam de animo om toaniel te spyljen wat ôf, de TV kaam op, de personielsbân waard wat losser en de korpsleden fûnen it wat te stûf om sa’n bulte tiid der yn te stekken, wylst men dochs winliken om de muzyk by it korps wie.

Alles begûn wat yn’e fersukkeling te kommen en krekt yn dy tiid waard der troch it jubilearjende Griene Krús in berop dien op spilers út alle ploegen om in betinkingsstik, dat Merten Bakker skreaun hie, op te fieren. Doe waarden de kontakten tusken de minsken dy’t echt wol foar it toaniel gean woene ynienen sterker en kaam der in gearwurking op gong dy’t liede ta in mienskiplike toanielkursus fan Pyt van der Zee yn de konsistoarje fan de Herf. Tsjerke.

Maatskiplik feroare yn dy dagen ek noch al wat yn Akkrum, FCE en bûterfabryk giene sluten, sadat der gjin personielsjûnen mear belein waarden.

Doe is der besletten it Akkrumer Toaniel op te rjochtsjen, dat eltse winter it toaniel by de korpsjûnen fersoargje soe en fierder in foarstelling fan in oar stik foar “Volksvermaken” Fierder woe men mei ienakters dielnimme oan de jûnen dy’t troch de gemeentelike Kultuerrie útskreaun waarden

Skreaun troch jan Calsbeek

Welkom bij Akkrumer Dream Theater
Kies een taal om verder te gaan
Frysk Nederlands